Boek cover Yn it skaad fan de wolf van Lois Mcmaster Bujold (Onbekend)

Yn it skaad fan de wolf

Friestalig | Druk: 1 | E-book | 9789089546425
Onbekend 12,5
nog geen rating
uitgever Elikser B.V. Uitgeverij
Taal Friestalig
Bindwijze E-book
Aantal paginas 487 pagina's
Ebook formaat EPUB met digitaal watermerk
Illustraties Nee
Co-auteur Michel Gastkemper
Illustrator Hugo van Look
Co-illustrator Roba
Redacteur Madeleine Gimpel
Co-redacteur A.W. Heringa
Uitgever Elikser B.V. Uitgeverij
Lees dit ebook op Android (smartphone en tablet) | Kobo e-reader | Desktop (Mac en Windows) | iOS (smartphone en tablet) | Windows (smartphone en tablet) | Overige e-reader

Boekbeschrijving

Ingrey sjocht himsels as in sljochtwei kriichsman, sij it ien mei in boppenatuerlik erfskip, en as in trou tsjinner fan e segelmaster, hear Hetwar, dyt it Wold regearret not de hjelkening op stjerren leit. Mar as der op in jachtslot yn in úthoeke fan it lân in prins fermoarde wurdt, en Hetwar oan him de opdracht tafertrout om it lyk en de moardneresse nei de haadstêd te bringen, ûntdekt Ingrey dat der frjemde en ôfgryslike dingen geande binne, dêrt hysels oan kop en earen ta yn behelle rekket. In moard dyt selsferdigening blykt te wêzen, in moardneresse dyt op mear as ien mêd Ingrey syn oandacht opeasket, in moardsuchtige betsjoening dyt him oplein wêze moat troch immen út syn kunde ... De wei werom nei de haadstêd is fol gefaren. En sels as er dêr wer oankomt, is er noch net feilich, want in dûnkere, skriklike fijân kriget him yn e macht. Mar it docht bliken dat dat net de iennichste is dyt Ingrey besiket te manipulearjen. En dan wurdt njonkelytsen oan Ingrey iepenbiere hokker lotsbestimming oft oan him taparte is troch de goaden, de ferflokten en de deaden. Lois McMaster Bujold (1949) is ien fan e meast foaroansteande Amerikaanske science fiction- en fantasy-auteurs. Mei har oeuvre fan hast tritich romans en novelles, wêrûnder de populêre Vorkosigan-rige, hat se troch de jierren hinne withoefolle prizen wûn. Har wurk is oerset yn likernôch tweintich talen, en se hat fans oer de hiele wrâld. Bujold is hikke en tein yn e neite fan Columbus, yn e steat Ohio, mar wennet al mear as tweintich jier yn Edina, in foarstêd fan Minneapolis, yn Minnesota. Se hat twa folwoeksen bern. Mear ynformaasje (yn it Ingelsk) is te finen op Bujold har offisjele webside www.dendarii.com.

Gelijkaardige boeken

3.8 op 5 sterren
Boek cover Wyn fan feroaring van Hilda Talsma
Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy 't sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch...
›› meer info